You are using an outdated browser. For a faster, safer browsing experience, upgrade for free today.

Karantêne

Teatrale kuier

Ja, ik wol graach kaarten bestelle

Ynformaasje

Oer Karantêne

Karantêne is in teatrale en keunstsinnige rûngong troch in diel fan it doarp Tytsjerk en Park Vijversburg. De rûngong is basearre op ferhalen oer de steat fan de boaijum. Ierde, wetter en soerstof as de basis fan it libben. Karantêne sil spile wurde op 15, 16, 17, 22, 23 & 24 april 2022

It ferhaal fan Karantêne

Tytsjerk is yn karantêne. Wetter, grûn en lucht binne smoarch, der is besmettingsgefaar en it driget slimmer te wurden. Der moat gau help komme. Der falle hieltyd mear deaden. Besikers moatte ôfstân hâlde,stiif by inoar bliuwe yn groepen fan maks 35 minsken en net te ticht by de ynwenners komme. Oars meie se net mear fuort út it gebiet. De needsaak fan yngripende maatregels lykas net mear út eigen tún ite meie, it doarp net mear út en net kontakt sykje mei besikers, gjin iten en gewoan honger! De treasteleaze wrakseling fan ynwenners fan Tytsjerk giet oer skande en skamte. Oer wreed oerlibjen.

Tytsjerk sit yn Karantêne

Nei in ûngelok mei in trailer fol mei konteners mei giftige ôffalstoffen op it krúspunt by Swarteweisein, by de E-10, driget in grut tekoart oan iten en drinken yn Tytsjerk en de grûn is giftich en besmet. Der wurde troch RIVD-ambtners maatregels troffen en straffen útdielt. De Tytsjerkers freegje de help fan elkenien dy’t yn Tytsjerk komt. Oan it begjin wurdt frege: Binne dizze besikers ramptoeristen, famylje of helpferlieners!? We krije sa trije groepen fan maks. 35 minsken. Trije Tytsjerkers (Klaasje Joustra’s) nimme yn trije groepen efter inoar de besikers mei op in tocht om oplossingen te finen foar dit probleem. Besikers komme keunst, ferskate persoanages, muzyk en natuer-helende eleminten tsjin.

Kaartferkeap

Jo kinne net tillefoanysk of fia de mail kaarten bestelle. As jo der net út komme kinne mei de online kaartferkeap, dan kinne jo belje 0511431897 of fia email culturelecommissietytsjerk@outlook.com Kaarten kinne net annuleare wurde, se meie wol fan eigner wikselje.

De priis fan de kaarten is € 17,50,- it stik. Dit is ynklusyf hapkes ûnderweis.

JA, IK WOL GRAACH KAARTEN BESTELLE

Praktyske informaasje

BEGJIN EN EIN

De foarstelling spilet yn lytse groepen trije kear op in jûn (16:30, 17.15 en 18.00 oere). It is ferstannich om goed op ‘e tiid te kommen. De kassa is iepen fan 16:00 oere ôf. Wy freegje jo de tickets mei te nimmen. Jo krije ûnderweis iten (jo hoege dus yn ’t foar net thús te iten). De foarstelling duorret al mei al sa’n 3,5 oere.

AS JO MEI DE AUTO KOMME

Wy geane derfan út dat jo fan de Ryksstrjitwei komme. Dan komme jo Tytsjerk yn en geane jo daliks linksôf. Dan kinne jo parkeare by de kantine fan it sportfjild fan Tytsjerk. De rûte dêr hinne wurdt oanjûn mei buorden en ferkearregelders. Jo kinne net parkeare by doarpshûs Yn 'e Mande en ek net by Park Vijversburg of yn de strjitten tusken de Ryksstrjitwei en Yn ‘e Mande yn. Nei ôfrin kin it publyk fia de útgong achterom by Yn 'e Mande troch in metalen stek nei de Boskleane rinne en dan fia in fytspaad nei it parkearplak fan it sportfijld gean.

KLEAN

Wy jouwe it advys om waarme klean oan te lûken of mei te nimmen en om goeie skuon oan te dwaan om't in grut part fan 'e rûte troch de folkstún fan Op Toutenburg en it park Vijversburg giet. Hâld de waarberjochten yn 'e gaten. By wiet waar reinklean meinimme: paraplu's binne net tastien fanwegen ít sicht op it spul.

NET TROCHGEAN BY MIN WAAR

By striemin waar kin in foarstelling ôfsein wurde. Op ús webside melde we dit; foar't jo fuortgean graach efkes besjen. Mocht in foarstelling yn sa'n uterste gefal net trochgean dan planne we in reservejûn.

LJOCHT EN MOBYLTSJES

Graach mobyltsjes út en gjin lampen of oar ljocht meinimme. It paad wurdt ferljochte op tsjustere plakken.

Iepen Mienskipsfûns
Iepen Mienskipsfûns

Het Iepen Mienskipsfûns Fryslân is een fonds om initiatieven van inwoners in Fryslân verder te helpen. In 2019 stelt de provincie Fryslân weer subsidie beschikbaar. Dit fonds biedt subsidie mogelijkheden aan projecten die bijdragen aan de leefbaarheid van een wijk, dorp of eiland.

mear ynformaasje
Prins Bernhard Cultuurfonds
Prins Bernhard Cultuurfonds

Het Prins Bernhard Cultuurfonds ondersteunt cultuur, natuur en wetenschap in Nederland. Met financiële bijdragen, opdrachten, prijzen en beurzen stimuleren we bijzondere initiatieven en talent. Jaarlijks worden er meer dan 3.500 projecten ondersteund.

mear ynformaasje
VSBfonds

VSBfonds ondersteunt initiatieven van en voor iedereen die actief wil meedoen aan de samenleving. In de vorm van donaties, praktische kennis en netwerken. Het fonds wil bijdragen aan de zelfredzaamheid en samenredzaamheid in ons land. Door sociale en culturele projecten te steunen en door studiebeurzen te verstrekken. Zodat iedereen zijn of haar plek krijgt in onze diverse samenleving en kan groeien, leren en leven met én dankzij elkaar. Vandaar het motto van het fonds: ‘Iedereen doet mee’.

mear ynformaasje